Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Skiednis fan it Mozilla-projekt

It Mozilla-projekt is yn 1998 start mei de frijjefte fan de boarnekoade fan it Netscape-browserpakket. It wie bedoeld om de kreative krêft fan tûzenen programmeurs op it ynternet te bondeljen en in ferskuorrend ynnovaasjenivo yn de browsermerke te stimulearjen. Binnen it earste jier hiene nije mienskipsleden fan oer de hiele wrâld al nije funksjes ûntwikkele en besteande funksjes ferbettere, en reitsjen se belutsen by it behear en de planning fan it projekt sels.

Troch in iepen mienskip te foarmjen, wie it Mozilla-projekt grutter wurden as hokker bedriuw ek. Mienskipsleden giene meidwaan en fergrutten it berik fan de oarspronklike missy fan it projekt – yn stee fan allinnich mar oan de folgjende browser fan Netscape te wurkjen, begûnen minsken útienrinnende browsers, ûntwikkelhelpmiddelen en in rige oare projekten te meitsjen. Minsken levere op ferskate wizen bydragen oan Mozilla, mar elkenien hie in passy foar it meitsjen fan fegeze software dy’t derfoar soargje soe dat minsken in kar hawwe yn hoe’t se it ynternet belibje.

Nei in oantal jierren ûntwikkeling waard yn 2002 Mozilla 1.0, de earste grutte ferzje, útbrocht. Yn dizze ferzje sieten in protte ferbetteringen yn de browser, e-mailclient en oare tapassingen yn it pakket, mar it waard net troch in protte minsken brûkt. Tsjin 2002 sneupe mear as 90% fan de ynternetbrûkers mei Internet Explorer. It waard doetiids net troch in protte minsken opmerke, mar yn dat jier waard ek de earste ferzje fan Phoenix (letter omneamd nei Firefox) troch Mozilla-mienskipsleden útbrocht, mei as doel de bêst mooglike sneupûnderfining foar in sa grut mooglik publyk te bieden.

Yn 2003 stichte it Mozilla-projekt de Mozilla Foundation, in ûnôfhinklike non-profitorganisaasje, stipe troch partikuliere donateurs en ferskate bedriuwen. De nije Mozilla Foundation naam de rol fan it deistich behear fan it projekt oer, en naam ek offisjeel de rol fan it befoarderjen fan iepenheid, ynnovaasje en mooglikheden op it ynternet op har. Dit die se troch nije ferzjes fan software lykas Firefox en Thunderbird útbringe te bliuwen, en troch aktiviteiten út te wreidzjen nei nije gebieden, lykas it takennen fan beurzen om tagonklikheidsferbetteringen op it web te stypjen.

Firefox 1.0 waard útbrocht yn 2004 en waard in grut sukses – yn minder as in jier waard it mear as 100 miljoen kear download. Sûnt doe binne regelmjittich nije ferzjes fan Firefox ferskynd en waarden hieltyd nije rekôrs fêstige. De populariteit fan Firefox hat holpen de kar werom te bringen by brûkers. De fernijde konkurrinsje hat ynnovaasje fersneld en it ynternet foar elkenien ferbettere.

Yn 2013 lansearren wy Firefox OS om de folsleine krêft fan it web op snoadfoans los te litten en opnij kontrôle en kar te bieden oan in nije online kommende generaasje.

Mozilla fierde ek har 15e jierdei yn 2013. De mienskip hat oantoand dat kommersjele bedriuwen baat hawwe kinne by gearwurking yn iepenboarneprojekten, en dat geweldige produkten foar einbrûkers as iepeboarnesoftware makke wurde kinne. Mear minsken as ea tefoaren brûke it ynternet en ûnderfine it yn harren eigen taal. Der is in duorsume organisaasje opset dy’t merkemechanismen brûkt om in missy foar it grutte publyk te stypjen, en dit model is troch oaren opnij brûkt om iepen, transparante en gearwurkjende organisaasjes yn in breed skala fan gebieden op te setten.

De takomst sit fol útdagingen en mooglikheden lykas dy yn ús ferline. Der is gjin garânsje dat it ynternet iepen, plezierich of feilich bliuwe sil. Mozilla sil trochgean mei it bieden fan mooglikheden foar minsken om harren stim hearre te litten en harren eigen onlinelibben foarm te jaan. Fansels dogge wy dit net allinnich. De Mozilla-mienskip bestiet, tegearre mei oare iepenboarneprojekten en oare algemien nut beëagjende ynstellingen, allinnich mei tank oan de minsken dy’t harren ynsette foar it realisearjen fan ús mienskiplike doelen. As jo ús yn ús missy help wolle, doch dan mei.

Lês foar mear ynformaasje oer de skiednis fan Mozilla: