It Mozilla-manifest
Yntroduksje
It ynternet wurdt hieltyd mear in wichtich part fan ús libben.
It Mozilla-projekt is in wrâldwide mienskip fan minsken dy’t leauwe dat iepenheid, ynnovaasje en gelegenheid de kaai binne foar de bliuwende sûnens fan it ynternet. Wy hawwe gearwurke sûnt 1998 om der wis fan te wêzen dat it ynternet ûntwikkele is op in manier dy’t foar elkenien syn foardiel opleveret. Wy binne it meast bekend fan it meitsjen fan de browser Mozilla Firefox.
It Mozilla-projekt brûkt in op in mienskip basearre wurkwize om iepen-boarne software fan wrâldklasse te meitsjen en nije typen fan gearwurkingsaktiviteiten te ûntwikkeljen. Wy kreëarje mienskippen fan minsken dy’t belutsen binne om it belibjen fan it ynternet foar elkenien te ferbetterjen.
As resultaat fan dy ynspanningen hawwe wy in tal prinsipen distillearre dêr’t wy fan tinke dat se fan belang binne foar it ynternet om trochgeand te profitearjen fan it publike guod en ek de kommersjele aspekten fan it libben. Wy lizze de prinsipen hjirûnder út.
De doelen fan it manifest binne:
- in fyzje út te sprekken foar it ynternet dat Mozilla-dielnimmers wolle dat de Mozilla Foundation neistribbet;
- minsken oansprekke, oft se no al of net in technyske eftergrûn hawwe;
- Mozilla-meiwurkers grutsk meitsje op wat wy dogge en ús motivearje om troch te gean; en
- in ramtwurk meitsje foar oare minsken om dy fyzje op it ynternet te fersprieden.
Dizze prinsipen sille net fansels ta libben komme. Der binne minsken nedich om it ynternet iepen en meiwurkjend te meitsjen - minsken dy’t yndividueel operearje, gearwurkje yn groepen en oaren begeliede. De Mozilla Foundation is der op begien om de prinsipen út it Mozilla-manifest út te dragen. Wy nûgje oaren út om mei te dwaan en it ynternet foar elkenien in better plak te meitsjen.
Prinsipen
- It ynternet is in yntegraal part fan it moderne libben – in kaaikomponint yn oplieding, kommunikaasje, gearwurking, hannel, ferdivedaasje en de mienskip as gehiel.
- It ynternet is in wrâldwide publike helpboarne dy´t iepen en tagonklik bliuwe moat.
- It ynternet moat it libben fan yndividuele persoanen ferrykje.
- De feilichheid en privacy fan elkenien op it ynternet binne fûneminteel en moat net as opsjoneel beskôge wurde.
- Elkenien moat de mooglikheid hawwe om harren eigen ûnderfiningen op it ynternet foarm te jaan.
- De útwurking fan it ynternet as in publike helpboarne is ôfhinklik fan ynteroperabiliteit (protokollen, dataformaten, ynhâld), ynnovaasje en desintralisearre wrâldwide gearwurking.
- Frije en iepenboarnesoftware befoarderet de ûntwikkeling fan it ynternet as in publike helpboarne.
- Transparante mienskipsprosessen befoarderje gearwurking, ferantwurdlikheid, en fertrouwen.
- Kommersjele bemuoienis yn de ûntwikkeling fan it ynternet bringt in protte foardielen; in balâns tusken kommersjele winst en algemien belang is essinsjeel.
- Klam jaan oan it algemien belang fan aspekten fan it ynternet, is in wichtich doel; de tiid, oandacht en tawijing wurdich.
It Mozilla-manifest útdrage
Der binne in hiele protte manieren om de prinsipen fan it Mozilla-manifest út te dragen. Wy ferwolkomje in breed oanbod fan aktiviteiten en ferwachtsje deselde kreativiteit dy’t Mozilla-meiwurkers al toand hawwe yn oare ûnderdielen fan it projekt. Minsken dy’t net hiel bot by it Mozilla-projekt belutsen binne, kinne it manifest stypje op in fûnemintele en tige effektive wize troch Mozilla Firefox en oare produkten dy’t de prinsipen fan it manifest stal jouwe te brûken.
De belofte fan de Mozilla Foundation
De Mozilla Foundation ûnthjit om it Mozilla-manifest te stypjen yn syn aktiviteiten. Spesifyk sille wy:
- iepenboarnetechnology meitsje en mienskippen ynskeakelje dy’t de prinsipen fan it manifest stypje;
- prachtige konsuminteprodukten meitsje en oanbiede dy’t de prinsipen fan it manifest stypje;
- de middelen fan Mozilla (yntellektueel eigendom lykas kopyrjochten en hannelsmerken, ynfrastruktuer, fûnsen, en reputaasje) brûke om it ynternet in iepen platfoarm te hâlden);
- modellen befoarderje foar it meitsjen fan ekonomyske wearde foar publyk foardiel; en
- de prinsipen fan it Mozilla-manifest befoarderje yn publike petearen en yn de ynternetyndustry.
Guon aktiviteiten fan de Foundation – op dit stuit it meitsjen, oanbieden en promoasje fan konsuminteprodukten – wurde primêr begelaat troch de Mozilla Foundation syn eigen dochterûndernimming, de Mozilla Corporation.
Utnûging
De Mozilla Foundation nûget elkenien dy’t de prinsipen fan it Mozilla-manifest stipet út om mei ús mei te dwaan en om nije manieren te finen om dizze fyzje op it ynternet werklikheid te meitsjen.