Firefox vs Brave
De privacyynstellingen fan Firefox binne sterk en maklik te brûken. De standert advertinsjeblokkearing fan Brave kin de websiden dy’t jo besykje fersteure, dus jo moatte deroan rommelje bliuwe. Wy wolle dat privacy sa maklik is dat jo it echt brûke.
Firefox makket it foar jo maklik om te kiezen hokker sykmasine jo brûke wolle elke kear as jo sykje. Brave brûkt standert har eigen sykmasine, en jo moatte troch de browserynstellingen gean om wat oars te kiezen.
Firefox biedt jo de opsje om jo bewarre wachtwurden te fersiferjen, en jo kinne in haadwachtwurd brûke om tagong te krijen; jo wachtwurden binne beskerme sels as jo in kompjûter diele moatte. Brave beskermet jo wachtwurden net mei in wachtwurd.
Wy biede ek maklik te brûken funksjes, lykas:
- Bewurkje PDF’s ûnderweis yn jo Firefox-browserfinster – gjin ekstra software nedich.
- Set in webside oer lokaal en privee.
Oerstappe is ienfâldich
Oerstappe nei Firefox is maklik en fluch – ymportearje jo Brave-blêdwizers, jo wachtwurden, skiednis en foarkarren mei ien klik en wês daliks klear om Firefox te brûken. Hjir is hoe’t jo jo Brave-gegevens ymportearje kinne.