Firefox fs Apple Safari
Safari en Firefox hawwe beide goede privacy- en befeiligingsfunksjes.
Mar Firefox hat ek ynboud ark, lykas:
- Bewurkje PDF’s ûnderweis yn jo Firefox-browserfinster – gjin ekstra software nedich.
- Set in webside oer lokaal en privee.
Firefox biedt in breed skala oan oanpassingsopsjes, ynklusyf de mooglikheid om menu’s en arkbalken nei ferskate lokaasjes yn it browserfinster te ferpleatsen. De interface fan Safari is minder oan te passen.
Omdat wy oandielhâlders net lokkich hoege te meitsjen, kinne wy ús rjochtsje op it lokkich meitsjen fan jo en altyd jo privacy en gemak foarop sette.
Oerstappe is ienfâldich
Oerstappe nei Firefox is maklik en fluch – ymportearje jo Safari-blêdwizers, jo wachtwurden, skiednis en foarkarren mei ien klik en wês daliks klear om Firefox te brûken. Hjir is hoe’t jo jo Safari-gegevens ymportearje kinne.