Wat is in webbrowser?
In webbrowser bringt jo oeral op it ynternet, sadat jo oeral op de wrâld tekst, ôfbyldingen en fideo besjen kinne.
It ynternet is in enoarm en krêftich helpmiddel. Yn de rin fan in pear desennia hat ynternet de manier wêrop wy wurkje, spylje en mei inoar omgean wizige. Ofhinklik fan hoe’t it brûkt wurdt, oerbrêget it naasjes, stimulearret it hannel, ûnderhâldt it relaasjes, driuwt it de ynnovaasjemotor fan de takomst oan en is it ferantwurdlik foar mear memes as wy ea brûke kinne.
It is wichtich dat elkenien tagong hat ta it ynternet, mar it is ek essinsjeel dat wy allegearre de helpmiddelen begripe dy’t wy brûke om tagong te krijen ta it ynternet. Wy brûke webbrowsers lykas Mozilla Firefox, Google Chrome, Microsoft Edge en Apple Safari alle dagen, mar begripe wy wat se binne en hoe’t se wurkje? Yn in koarte perioade binne wy ferrast fan de mooglikheid om in e-mailberjocht te stjoeren nei ien oer de hiele wrâld, nei in wiziging yn hoe’t wy tinke oan ynformaasje. It is gjin fraach hoefolle wy witte, mar gewoan in fraach hokker browser of app jo it rapst nei dy ynformaasje bringe kin.
Hoe wurket in webbrowser?
In webbrowser bringt jo oeral op it ynternet. It hellet ynformaasje op fan oare dielen fan it ynternet en toant it op jo buroblêd of mobile apparaat. De ynformaasje wurdt oerdroegen mei it Hypertext Transfer Protocol, dat bepaalt hoe’t tekst, ôfbyldingen en fideo op it web ferstjoerd wurde. Dizze ynformaasje moat dield en werjûn wurde yn in konsistint formaat, sadat minsken mei elke browser, oeral yn de wrâld de ynformaasje sjen kinne.
Spitigernôch kieze net alle browsermakkers derfoar om de opmaak op deselde manier te ynterpretearjen. Foar brûkers betsjut dit dat in website der oars út sjen en funksjonearje kin. It kreëarjen fan konsistinsje tusken browsers, sadat elke brûker genietsje kin fan it ynternet, ûnôfhinklik fan de browser dy’t se kieze, wurdt webstanderts neamd.
Wannear de webbrowser gegevens ophellet fan in mei it ynternet ferbûne server, brûkt dizze in stikje software, in rendering engine neamd, om dy gegevens yn tekst en ôfbyldingen oer te setten. Dizze gegevens binne skreaun yn Hypertext Markup Language (HTML) en webbrowsers lêze dizze koade om te kreëarjen wat wy op it ynternet sjogge, hearre en ûnderfine.
Mei hyperlinks kinne brûkers in paad folgje nei oare sidena of websites op ynternet. Elke webside, ôfbylding en fideo hat in eigen unike Uniform Resource Locator (URL), ek wol bekend as in webadres. Wannear’t in browser in server foar gegevens besiket, fertelt it webadres de browser wêr’t hy sykje moat foar elk item dat beskreaun wurdt yn de html, dat ferfolgens de browser fertelt wêr’t dizze op de webside nei ta giet.
Koekjes (net de lekkere soarte)
Websites bewarje ynformaasje oer jo yn bestannen dy’t cookies neamd wurde. Se wurde op jo kompjûter bewarre foar de folgjende kear dat jo dy website besykje. As jo werom komme lêst de websitekoade dat bestân om te sjen dat jo it binne. Wannear’t jo bygelyks nei in website gean, ûnthâldt de side jo brûkersnamme en wachtwurd – dat wurdt mooglik makke troch in cookie.
Der binne ek cookies dy’t mear detaillearre ynformaasje oer jo ûnthâlde. Miskien jo ynteressen, jo surfpatroanen op it ynternet, ensfh. Dit betsjut dat in website jo mear rjochte ynhâld biede kin – faaks yn de foarm fan advertinsjes. Der binne soarten cookies, cookies fan tredden neamd, dy’t ôfkomstich binne fan websites dy’t jo op dat stuit net iens besykje en dy’t jo fan website nei website folgje kinne om ynformaasje oer jo te sammeljen, dy’t somtiden ferkocht wurdt oan oare bedriuwen. Somtiden kinne jo dit soarte fan cookies blokkearje, hoewol net alle browsers dit tastean.
Ynsjoch yn privacy
Hast alle grutte browsers hawwe in ynstelling foar priveenavigaasje. Dizze bestean om de browserskiednis te ferbergjen foar oare brûkers op deselde kompjûter. In protte minsken tinke dat priveenavigaasje of ynkognitomodus sawol har identiteit as blêderskiednis ferbergje sil foar ynternetproviders, oerheden en advertearders. Se dogge dat net. Dizze ynstellingen wiskje gewoan de skiednis op jo systeem, wat nuttich is as jo te meitsjen hawwe mei gefoelige persoanlike ynformaasje op in dielde of iepenbiere kompjûter. Firefox giet fierder dan dat.
Firefox helpt jo online mear privee te wêzen troch jo trackers, dy’t jo oeral op it web folgje, blokkearje te litten.
Lit jo webbrowser foar jo wurkje
De measte grutte webbrowsers litte brûkers har ûnderfining wizigje fia útwreidingen of add-ons. Utwreidingen binne stikjes software dy’t jo tafoegje kinne oan jo browser om it oan te passen of funksjonaliteit ta te foegjen. Utwreidingen kinne allerhanne aardige en praktyske dingen dwaan lykas nije funksjes, wurdboeken foar frjemde talen of fisuele foarkommens en tema’s ynskeakelje.
Alle browsermakkers ûntwikkelje harren produkten om ôfbyldingen en fideo sa fluch en soepel mooglik wer te jaan, wêrtroch it maklik is om it measte út it ynternet te heljen. Se wurkje allegearre hurd om te soargjen dat brûkers in browser hawwe dy’t fluch, krêftich en maklik te brûken is. Wêr’t se ferskille is wêrom. It is wichtich om de krekte browser foar jo te kiezen. Mozilla bout Firefox om derfoar te soargjen dat brûkers kontrôle hawwe oer har online libben en om derfoar te soargjen dat it ynternet in wrâldwide, iepenbiere boarne is, tagonklik foar elkenien.