Brûkers fan 64-bits Windows dy’t Firefox downloade, kinne standert ús 64-bits-ferzje krije. Dat betsjut dat jo in feiligere ferzje fan Firefox krije, in ferzje dy’t ek in protte minder ferûngelokket. Hoefolle minder? Yn ús tests oant no ta hat 64-bits Firefox ûngelokken mei 39% fermindere op kompjûters mei 4 GB RAM of mear.
Wat is it ferskil tusken 32-bits en 64-bits?
Dit is it wichtichste om te witten: 64-bits tapassingen hawwe tagong ta mear ûnthâld en ferûngelokje minder gau as 32-bits tapassingen. Mei de sprong fan 32- nei 64-bits wurket ek in befeiligingsfunksje neamd Address Space Layout Randomization (ASLR) better om jo te beskermjen tsjin oanfallers. Linux- en macOS-brûkers, meitsje jo gjin soargen, jo genietsje al fan in Firefox dy’t optimalisearre is foar 64-bits.
Hoe downloade jo 64-bits Firefox?
As jo 64-bits Windows brûke, (hjir kinne jo dit kontrolearje), is jo Firefox mooglik al 64-bits. Kontrolearje jo Firefox-ferzje (yn it finster ‘Oer Firefox’) en sykje nei ‘(32-bits)’ of ‘(64-bits)’ nei it ferzjenûmer:
- As jo ‘(32-bits)’ sjogge en jo brûke Firefox 56.0 of âlder, dan soe bywurkjen nei de nijste ferzje fan Firefox jo automatysk fernije moatte nei 64-bits.
- As jo ‘(32-bits)’ sjogge en Firefox 56.0.1 of nijer brûke, dan foldocht jo kompjûter mooglik net oan de minimale ûnthâldeasken foar 64-bits (3 GB RAM of mear). Jo kinne 64-bits Firefox as jo dat wolle noch hieltiten hânmjittich ynstallearje.