Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

De adblocker – in geheim wapen tsjin ferfelende advertinsjes.

Sa folle advertinsjes, sa min geduld… It wurdt tiid om in ein te meitsjen oan de gekheid.

De gemiddelde persoan sjocht gemiddeld 4.000 advertinsjes op in dei. As jo fine dat dat der te folle binne, dan is in adblocker jo nije bêste freon.

In adblocker is in stikje software dy’t brûkt wurde kin om advertinsjes te blokkearjen en se wurkje op twa manieren. De earste manier is wannear in adblocker in sinjaal fan de server fan de advertearder blokkearret, sadat de advertinsje nea op jo side ferskynt. In oare manier wêrop adblockers wurkje, is troch seksjes fan in website dy’t advertinsjes wêze kinne te blokkearjen.

Dizze advertinsjes kinne fideo-advertinsjes mei in protte lawaai, advertinsjes dy’t jo op it web folgje, trackers, cookies fan tredden en noch mear wêze. Om in adblocker te brûken, kinne jo nei adblocker-add-ons dy’t yn jo browser beskikber binne sykje. Firefox hat bygelyks dizze list mei goedkarre adblocker-add-ons. Klik op dizze list (of adblockers dy’t foar jo browser goedkard binne) en besjoch hokker oanslút by jo winsken.

Fyn de krekte adblocker foar jo

Der binne tsientallen ynhâldsblokkearders, mar hjir binne in pear fantastyske opsjes gearstald troch Mozilla…

uBlock Origin wurdt troch in protte beskôge as de gouden standert ûnder adblockers en stiet bekend om syn effektiviteit en effisjinsje. Uterst oanpasber, mar it wurket ek ‘út de doaze’ perfekt.

AdGuard AdBlocker giet oeral advertinsjes tsjin. It blokkearret advertinsjes op it web, sosjale media en sels dy ferfelende pop-ups (mr as jo pop-ups allinnich mar ûnderdrukke wolle, hawwe jo rom genôch oan Popup Blocker).

Ghostery is in oare geweldige kar dy’t net allinnich advertinsjes blokkearret, mar ek oare foardielen tsjin folgjen biedt.

Dizze útwreidingen wurkje prima op sawol Firefoxdesktop as Android.

Meitsje in trackerfrije sône mei ynhâldsblokkearring

Yn Firefox kinne jo de ynstellingen foar Privacy of Ynhâldsblokkearring brûke foar noch mear kontrôle oer adtrackers dy’t jo de advertinsjes sjen litte.

Kies jo beskermingsnivo

Klik om te begjinnen op it skyld links fan de adresbalke op in willekeurige webside en selektearje ‘Beskermingsynstellingen’. Dit iepenet it paniel Privacy & Befeiliging fan jo Firefox-ynstellingen yn in nij ljepblêd. Jo soene in blau pop-upfinster sjen moatte mei ferskate seleksjes.

Doch rêstich oan mei de modus Standert

As advertinsjes jo net steure en jo it net slim fine om folge te wurde troch trackers en cookies fan tredden, dan wurket de ynstelling Standert foar jo. Brûk, om trackers yn de modus Standert ôf te skodzjen, ien finster foar Priveenavigaasje.

Pak it stevich oan mei de modus Strang

As it sjen fan te folle advertinsjes jo dei ferpest, dan past de modus Strang better by jo. Dizze modus blokkearret bekende trackers fan tredden en cookies yn alle Firefox-finsters.

Doch-it-selsmodus Oanpast

De ynstelling Oanpast jout jo de ultime kar. Jo kinne kieze wat jo blokkearje, ynklusyf trackers, cookies en mear. As jo cookies fan in website tastean, dan binne jo automatysk yn de modus Oanpast.

Lit gjin spoaren efter, blokkearje trackers

Klik op it fekje Trackers en jo kinne op twa manieren trackers blokkearje. Ien manier om trackers te blokkearjen is troch yn in Priveefinster te wurkjen. In oare manier is troch trackers yn alle finsters te blokkearjen. Unthâld dat as jo derfoar kieze om trackers altyd te blokkearjen, guon siden mooglik net goed lade.

Nim in hap út cookies

Cookies wurde ferstjoerd troch websites dy’t jo besykje. Se stean op jo kompjûter en folgje wat jo dogge op in website. Wannear in loftfeartmaatskippij jo tariven opfiert, omdat jo op dy dei alris nei fleantickets sjoen hawwe, dan is dat it wurk fan in cookie.

Yn Firefox kinne jo alle cookies fan tredden blokkearje of allinnich de cookies dy’t troch trackers pleatst wurde. Tink deroan, dat troch alle cookies te blokkearjen, guon websites net goed wurkje.

In ‘Net folgje’-sinjaal ferstjoere

As jo net wolle dat jo online gedrach brûkt wurdt foar advertinsjes, dan kinne jo websites in fatsoenlik ‘Nee, tankewol’-briefke stjoere troch de Firefox-opsje Net folgje oan te finkjen. Dielname is frijwillich, mar de dielnimmende websites sille daliks stopje mei jo te folgjen.

Sneup flugger mei tank oan adblockers

Yn guon gefallen kin in adblocker jo browser flugger gean litte. Wannear in advertinsje laden wurdt, dan kin dit in website fertraagje. Tagelyk duorret it langer om te finen wêr jo nei sochten as jo te drok binne mei sluten fan wer in advertinsje.

As jo mear witte wolle oer advertinsjes blokkearje, dan binne der hûnderten adblocker-útwreidingen beskikber foar Firefox en oare browsers. As jo de adblockers dy’t Firefox brûkt probearje wolle, klik dan hjir om in browser dy’t privacy foarop stelt te downloaden.