Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Firefox blokkearret fingerprinting

Wat is fingerprinting?

Fingerprinting is in soarte fan online folgjen dy’t ynvasiver is as it gewoane op cookies basearre folgjen. In digitale fingerôfdruk wurdt makke as in bedriuw in unyk profyl fan jo makket, op basis fan jo kompjûterhardware, software, add-ons en sels foarkarren. Jo ynstellingen, lykas it skerm dat jo brûke, de op jo kompjûter ynstallearre lettertypen en sels de webbrowser fan jo foarkar, kinne allegearre brûkt wurde om in fingerôfdruk te meitsjen.

As jo in faak brûkte laptop, PC of smartphone brûke, dan kin it swierder wêze om jo apparaat unyk te identifisearjen troch middel fan fingerprinting. Hoe mear unike add-ons, lettertypen en ynstellingen jo echter brûke, hoe makliker jo fûn wurde kinne. Bedriuwen kinne dizze unike kombinaasje fan gegevens brûke om jo fingerôfdruk te meitsjen. Dêrom blokkearret Firefox bekende fingerprinters, sadat jo noch hieltyd jo favorite útwreidingen, tema’s en oanpassingen brûke kinne sûnder dat jo troch advertinsjes folge wurde.

Fingerprinting is min foar it ynternet

Troch fingerprinten kinne jo moannenlang folge wurde, sels wannear’t jo jo browserûnthâld leechmeitsje of de priveenavigaasje brûke, sûnder rekkening te hâlden mei dúdlike oanwizingen fan jo dat jo net folge wurde wolle. Nettsjinsteande in frijwol folsleine oerienkomst tusken noarmstellende ynstânsjes en browser leveransiers dat fingerprinting skealik is, is it gebrûk derfan op ynternet yn it ôfrûne desennium stadich tanommen.

Firefox blokkearret fingerprinting

De nijste Firefox-browser beskermet jo tsjin fingerprinten troch fersiken fan tredden oan bedriuwen wêrfan bekend is dat se oan fingerprinten dielnimme te blokkearjen. Wy hawwe hurd wurke om dizze privacybeskerming mooglik te meitsjen sûnder de websites dy’t jo graach besykje minder wurkje te litten. (Lês hjir mear as jo de technyske details witte wolle.)

En it is gjin djip ferstoppe ynstelling wêr’t jo nei grave moatte om him te finen. Yn de nijste Firefox-browser is fingerprintblokkearring de standertynstelling. Iepenje jo dashboerd foar privacybeskerming om te sjen hoe’t jo efter de skermen folge wurde en hoe Firefox dit foarkomt.

Jo stelle it wierskynlik net op priis as ien jo yn it wiere libben efterfolget. Der is gjin inkelde reden om dat online wol te akseptearjen. As jo Firefox noch net hawwe, download it dan en beskermje josels tsjin fingerprinten.