Fergeze wachtwurdbehearder
Firefox bewarret jo brûkersnammen en wachtwurden feilich foar tagong ta websites, folt se automatysk foar jo yn de folgjende kear as jo in webside besykje, en lit jo jo bewarre oanmeldingen beheare mei de ynboude funksje foar wachtwurdbehear.
Mei in fergees Mozilla-account kinne jo jo wachtwurden feilich tusken al jo apparaten syngronisearje. Jo krije ek tagong ta alle oare privacyrespektearjende produkten fan Mozilla.
Automatysk wachtwurden ynfolje foar ienfâldige oanmelding
Firefox kin jo bewarre brûkersnamme en wachtwurd automatysk ynfolje. As jo mear as ien oanmelding hawwe foar in side, kinne jo gewoan it winske account selektearje, wêrnei wy it oernimme.
Wachtwurden ymportearje
Jo kinne de ymportwizard brûke om maklik (magysk) brûkersnammen en wachtwurden te ymportearjen dy’t bewarre binne yn Chrome, Edge, Safari of elke oare browser. Selektearje Wachtwurden út it menu, en klik dan op ‘Ymportearje yn Firefox’ ûnderoan de side Oanmeldingen en wachtwurden.
Jo hoege jo wachtwurden net mear opnij te brûken
Lit Firefox in sterk, unyk wachtwurd meitsje foar elke oanmelding dy’t jo op it web hawwe. As ien fan jo wachtwurden hackt wurdt troch in befeiligingslek, hat dat allinnich ynfloed op dat iene account, net op oare accounts.
Wachtwurdbefeiligingswarskôgingen
Firefox warskôget jo as in wachtwurd bleatsteld is yn in datalek, sadat jo it wizigje kinne eardat hackers in kâns hawwe om wat te dwaan lykas in Lamborghini hiere mei jo kredytkaart.