Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Bewurkje PDF’s fergees mei Firefox PDF Editor

As jo wat oan in PDF-dokumint tafoegje wolle, kinne jo dat no online dwaan mei Firefox. Iepenje de pdf yn Firefox en klik op de tekst- of tekenknop yn de rjochterboppehoek om wizigingen yn jo dokumint oan te bringen. Download it bestân om it te bewarjen mei jo wizigingen.

Folje formulieren online yn sûnder te printsjen en scannen

Wy hawwe hjir allegearre mei te meitsjen: jo moatte in formulier ynfolje dat in pdf is, mar it is net te bewurkjen. Yn it ferline wie jo iennichste opsje om it op in deade beam te printsjen, dingen mei inket ta te foegjen en it dan werom te scannen nei jo kompjûter.

Dat is ôfrûn! It iennige dat jo no hoege te dwaan, is de PDF online bewurkje mei Firefox, dizze bewarje en fan jo kompjûter ôf e-maile.

Tekst tafoegje

Iepenje de pdf yn Firefox. Klikje op de knop Tekst om in kleur en tekstgrutte te kiezen eardat jo selektearje wêr’t op it dokumint jo tekst tafoegje wolle. It is sa maklik!

Tekeningen (of jo hantekening) tafoegje

Iepenje de pdf yn Firefox. Klik op it piktogram Tekenje om in kleur, tsjokte en transparânsje te kiezen eardat jo op it dokumint tekenje kinne. It sil wierskynlik net rommeliger wêze dan jo gewoane hantekening!

Ofbylding mei alt tekst tafoegje

Iepenje de PDF yn Firefox. Klik op it ôfbyldingspiktogram, dat sil jo dan freegje om in ôfbylding op te laden. Pas grutte en pleatsing fan jo ôfbylding oan as nedich. Klik op de knop ‘+Alt-tekst’ op de ôfbylding om in fotobeskriuwing ta te foegjen om jo PDF tagonkliker te meitsjen.

In markearring meitsje

Iepenje de PDF yn Firefox. Selektearje de tekst dy’t jo markearje wolle, klik dan op it markearpiktogram dat ferskynt ûnder jo seleksje, of klik mei de rjochtermûsknop om de markearringopsje te finen yn it kontekstmenu. Klik op it ikoan rjochtsboppe om seksjes fan de PDF frij te markearjen.