Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Mij online misynformaasje – Firefox is hjir om te helpen

Besjoch tips foar it sjen fan minder misynformaasje en it fokusjen op wat foar jo wichtich is.

Wat is misynformaasje? Wat is desynformaasje?

Misynformaasje, desynformaasje – jo hawwe dizze termen wierskynlik al ris hearre en jo ôffrege wat it ferskil dertusken is. It ûnderskied sit him yn it doel: misynformaasje is elke soarte fan falske ynformaasje wêr’t minsken yn trappe kinne soene. Dizze is ferifiearber net krekt of misliedend, mar is net makke of dield mei de yntinsje om oaren te mislieden. Desynformaasje dêrtsjinoer wurdt makke en ferspraad om ferkeard te ynformearjen en in bepaald doel te beriken.

Uteinlik kinne sawol misynformaasje as desynformaasje skeadlik wêze. It is net allinnich dat minsken net krekte ynformaasje leauwe, falske ynformaasje kostet de wrâldekonomy in protte jild en kinne demokrasy en effisjint bestjoer bedriigje. Dêrneist is falske ynformaasje swier te stopjen, omdat nepnijs signifikant flugger, djipper en breder ferspraat as krekt nijs.

Wêr is falske ynformaasje te finen?

Jo kinne misynformaasje en desynformaasje oeral tsjinkomme, mar it is meast ferspraad en hat de measte impact as it online dield wurdt. Algoritmen en folgjen hawwe de mooglikheid foar misynformaasje en desynformaasje om in noch grutter publyk te berikken op websites, blogs, foarums en sosjale netwurken fergrut.

Jo hawwe mooglik oer folgjen heard yn de kontekst fan advertinsjes. It is echter ek in krêftich helpmiddel yn relaasje ta it fersprieden fan falske ynformaasje. Wêrom is dit it gefal? As jo op it ynternet sneupe of de tiidline fan jo sosjale netwurk besjogge, wurde ynteressen, yn guon gefallen kontakten en noch mear folge troch ferskate partijen op websites, om in hiel detaillearre profyl fan jo te meitsjen dat oan oaren ferkocht wurdt sûnder jo meiwitten of ynstimming. Dizze profilen wurde brûkt foar personalisearre advertinsjes, mar kinne ek brûkt wurde om jo fan rjochte ynformaasje te foarsjen.

As jo ynhâldsoanrekommandaasjes op in website of sosjaal netwurk ûntfange, komt dit faaks omdat in algoritme ynformaasje presentearret op basis fan jo profylynformaasje. Hoewol algoritmen hieltyd tûker wurde, kontrolearje se spitigernôch de ynhâld net op krektheid. Dit is foaral in probleem mei sosjale media: dizze netwurken toane deistich ûntelbere stikjes ynformaasje oan harren brûkers en hawwe tagong ta in frijwol ûnbeheinde hoemannichte ynhâld, wêrûnder brûkersberjochten, nijsartikelen, advertinsjes en sponsore ynhâld. Wylst berjochten en artikelen per ûngelok misynformaasje ferspriede kinne soene, kinne advertinsjes en sponsore ynhâld brûkt wurde om jo mei opsetsin desynformaasje te toanen om jo te manipulearjen, wêrtroch het essinsjeel wurdt dat jo witte hoe’t jo misynformaasje werkenne kinne.

Falske ynformaasje online identifisearje en helpe fersprieding te stopjen

  1. Sjoch nei de URL en/of de boarne.

    Stiet dizze bekend as betrouber? As jo net wis binne, probearje dan mear oer de boarne en harren reputaasje op it ynternet te witten te kommen.

  2. Is de kop oerdreaun sensasjoneel?

    Besjoch websites en nijsboarnen dy’t jo fertrouwe, om te sjen of en hoe’t se oer itselde ûnderwerp rapportearje. Ynhâld dy bedoeld is om te manipulearjen brûkt faaks ekstremen en oerdriuwingen wêrfoar gjin bewiis is en dy’t net yn goed ûndersochte berjochtjouwing te finen wêze sille.

  3. Is de ynhâld aktueel?

    Ferâldere ynformaasje hoecht net bedoeld te wêzen om te desynformearjen, mar it kin miskien net langer korrekt wêze.

  4. Hat de auteur oare artikels of berjochten publisearre, ideaal ek yn betroubere publikaasjes?

    As jo de namme fan de auteur allinnich fine op twiveleftige websites, moatte jo net te folle wearde hechtsje oan har útspraken.

  5. Komme ôfbyldingen en byskriften oerien?

    Ofbyldingen binne in hiel krêftich helpmiddel foar rjochte desynformaasje. Ofhinklik fan it byskrift kin de persepsje ferdraaid wurde oant it absolute tsjinoerstelde. As jo net wis binne, fier dan in omkearde sykopdracht út nei de ôfbylding, om derefter te kommen hoe’t de ôfbylding op oare websites beskreaun wurdt.

Hoe Firefox jo helpt misynformaasje te mijen

Firefox hâldt trackers ûnder kontrôle:

Lykas hjirfoar neamd spilet folgjen in grutte rol yn de fersprieding fan misynformaasje. Gebrûk fan Firefox mei Ferbettere beskerming tsjin folgjen helpt troch eksterne trackers fan in protte advertearders en oaren standert te blokkearjen as jo op it ynternet sneupe, sadat jo wer kontrôle krije oer jo onlinegegevens.

Firefox helpt jo de tiidlinen op jo sosjale media skjin te hâlden:

Sosjale netwurken witte in protte oer jo. Dêrneist kinne se jo bûten harren platfoarm folgje mei harren ‘Diele’- en ‘Mei-ik-wol-oer’-knoppen, nettsjinsteande Beskerming tsjin folgjen – sels as jo gjin account hawwe. De Facebook Container foar Firefox soarget derfoar dat Facebook en Instagram dit net sa ienfâldich dwaan kinne, wat de kâns op it sjen fan misynformaasje fia advertinsjes en promoate ynhâld sichtber lytser makket.

  • Wêrom kinne jo Firefox fertrouwe?

    Omdat wy minsken foarop stelle. Sterker noch, wy wurde stipe troch in non-profit. Fan it begjin ôf is it ús missy west om it ynternet en al har brûkers te beskermjen.

    Mear ynfo oer ús missy

  • Jo privacy, troch it produkt

    Firefox-produkten wurkje oars – omdat se ûntwurpen binne om foarearst jo privacy te beskermjen.

    Ynformaasje oer ús produkten

Untworpen om jo privacy te beskermen